dinsdag 3 maart 2009

Ding 12 Zandbak

Bitterswiet fan Tiny Mulder

Bitterswiet, bitterswiet
priuwt dit lytse leafdeliet
sil dyn ear ‘t wol ienris heine
as de fine drippen ‘t reine
reine litte oan dyn blinen
silst it hearre as de winen
flaikjend om dy hinne strune
harkest?
hark yn alle tunen
strykt de wyn op ’t spinnetried
bitterswiet dit leafdeliet
wurden?
wurden hat it net
’t ienlik en ûnrêstich hert
kloppet sêfter kloppet hjitter
bitter swiet en swiet en bitter
lústret lichter as de amme
lettertekens fan dyn namme
leafste hâld de siken yn
priuw de rein en hear de wyn
fiel de drippen hein dit liet
bitterswiet bitterswiet

De Nederlandse vertaling van dit gedicht staat in mijn wiki

Geen opmerkingen:

Een reactie posten